Projekt 'Alcoholvrij op weg' hâldt op

24 aug 2016 - 06:59

Ferslavingssoarch Noard-Nederlân hâldt nei 20 jier op mei harren projekt Alcoholvrij op weg. Dat projekt hie as doel om foar te kommen dat jonge automobilisten mei alkohol efter it stjoer stappe.

Jonge automobilsten moasten ûnder oaren earst nochter yn de auto stappe en in trajekt yn Drachten of Emmen ride. Dêrnei moasten se meardere glêzen alkohol drinke en itselde trajekt noch in kear ride en bysûndere hannelings útfiere. Sa koenen jongeren sels ûnderfine wat alkohol mei harren reaksjefermogen docht.

VNN fynt dat it projekt net mear past yn in tiid wêryn't dúdlik is hoefolle skea alkohol makket op de harsens fan jongeren en adolossinten. "De kennis oer dizze skealike effekten fan alkohol slute net oan by it doel fan sûnensbefoardering fan Verslavingszorg Noord Nederland", seit previnsjefunksjonaris Marcel Seuninga fan VNN.

Trefwurden: 
alkohol ferkear automobilist
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)