Jild foar duorsumere sportferienings

© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
De provinsje jout in subsydzje fan 120.000 euro oan Sport Fryslân foar it projekt 'De duurzame sportvereniging'. De provinsje wol dat sportakkommodaasjes duorsumer wurde, sadat sportferienings minder jild hoege út te jaan oan de kosten fan harren akkommodaasje. Dit moat barre troch sels enerzjy op te wekken of enerzjy te besparjen. Yn Fryslân giet it om likernôch 425 sportferienings dy't yn oanmerking komme foar de subsydzje.