Ljouwerter fotograaf werom út Rio

It wiene trije bysûndere wiken foar freelance-fotograaf Henk Jan Dijks út Ljouwert. Foar ferskate Nederlânske media wie hy yn Rio de Janeiro om fotografysk ferslach te dwaan fan de Olympyske Spelen. It wiene foaral trije hektyske wiken foar Dijks. Hy fleach mei it iepenbier ferfier en taksys fan it iene sportevenemint nei it oare. En dat gie net altyd neffens plan "sommige buschauffeurs wisten de weg niet, dan kwam ik te laat bij het volgende sportevenement. Vervelend natuurlijk, want dan hadden andere fotografen de mooiste plaatsen al bezet."
Emoasjes
Dijks is benammen bliid mei de foto dy't er makke hat fan hurdrinster Dafne Schippers. Hjirop is te sjen hoe't Schippers nei winneres Elaine Thompson tarint om har te lokwinskjen. Neffens Dijks binne benammen de emoasjes wichtich op de foto's.
De Ljouwerter is no foar eefkes werom yn Fryslân, mar net foar lang. Oer in pear wiken set er wer ôf nei Rio, dan foar de Paralympyske Spelen dêr't ek wer tsientallen Nederlânske sporters oan meidogge.
De foto's fan Dijks binne werom te finen op syn webside.