Kafeehâlder nimt taken fan provinsje oer

It doarpshûs fan Baard
De provinsjale brêge yn Baard wurdt fan tongersdei ôf betsjinne troch de lokale kafeehâlder fan it doarp. Dit bart yn it ramt fan Right to Challenge. Mei Right to Challenge krije ynwenners yn Fryslân de kâns om provinsjale taken oer te nimmen. Op dizze wize jout de provinsje boargers de gelegenheid om taken goedkeaper en better út te fieren. Tongersdei sil deputearre Sander de Rouwe de starthanneling dwaan.