Stellerij fan stroomkabels

08 maaie 2012 - 10:21

De plysje hat moandeitejûn in 52-jierrige Ljouwerter oanholden foar it stellen fan stroomkabels. Tsjûgen seagen dat de man yn de Krijn van der Helmstrjite by in iepenbrutsen dyk kabels meinaam.

Plysjes troffen de fertochte oan wylst er dwaande wie kabels troch te seagjen. Yn de bakfyts dy't er by him hie, lei al in stik kabel. De Ljouwerter waard oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
stellerij stroomkabels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)