Ljouwerter ferwûne by ynbraak

08 maaie 2012 - 10:01

In 61-jierrige Ljouwerter is moandeitenacht yn syn wenning oan de Curacaostrjitte mishannele troch twa ynbrekkers. Hy waard om trije oere hinne wekker en seach twa ynbrekkers. Ien fan har pakte him beet. Yn it gefjocht mei de dieven krige hy klappen en rekke ferwûne oan 'e holle en in hân.

It slachtoffer koe yn it trepportaal fan de wenning te kommen en help roppe. Ien fan de ynbrekkers naaide út, de oare waard achter it hús oantroffen..

Hy wie nei alle gedachten fan in balkon ôfsprong en ferwûne rekke. De plysje siket noch nei de twadde fertochte.

Trefwurden: 
ynbraak ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)