Opstapte topman nei Fryslân

Ald-bestjoersfoarsitter Paul Smits fan it Maasstad-sikehûs yn Rotterdam wurdt ynterim-direksjelid fan Zorgpartners Friesland. Dêrûnder falle Tjongerschans, MCL en zorggroep Noorderbreedte. Smits stapte ferline jier simmer op by it Maasstad-sikehûs neidat in útbraak fan in multiresistinte bakteerje dêr lange tiid stilholden wie. Seker trije pasjinten kamen te ferstjerren troch de bakteerje.
De Inspectie voor de Gezondheidszorg hie fikse krityk op Smits. Hy hie te min omtinken foar kwaliteit en de feilichheid fan de soarch.