Slachtoffers sylûngelok kamen út ferskate plakken

23 aug 2016 - 15:18

De trije Dútske slachtoffers fan it sylûngelok yn Harns komme net út Amberg. De plysje befêstiget dat de manlju út oare plakken yn Dútslân komme, lykas in Dútske krante moandei al skreau. It jongste slachtoffer (19) komt út Schiffweiler, de man fan 43 út Neubrunn en it âldste (48) wenne yn Mölsheim.

De manlju kamen sneintemiddei om doe't in mêst fan sjarterskip Amicitia út Harns ôfbruts. De plysje is noch hieltyd dwaande mei ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
sylûngelok ûngelok Harns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)