Jong H'fean wint mar krekt

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean/Emmen hat de lêste thúswedstriid fan it seizoen mei 1-0 wûn fan Jong FC Utrecht. Beide ploegen makken der in earmoedige wedstriid fan en dochs wie it ferskil grut. De thúsploech fan trainer Jan de Jonge krige mear as in hânfol prachtige kânsen. De iene wie noch moaier as de oare, mar alles waard fergriemd. It like dan ek 0-0 te bliuwen. Yn de blessueretiid waard Arsenio Valpoort delhelle yn it stafskopgebiet en skeat Quenten Martinus de penalty goed tsjin de touwen. Jong Hearrenfean/Emmen is sechsde mei 42 punten.
Takom wike moandei is de lêste wedstriid. Jong Hearrenfean/Emmen giet dan op besite by kampioen Jong FC Twente.