Bern mei beheining nei bios

07 maaie 2012 - 19:04

Bern mei in beheining kinne sûnt koart sûnder problemen nei de bioskoop. Yn Drachten wurde guon foarstellings sa oanpast dat hendikepte bern sûnder problemen de film sjen kinne. Gewoane foarstellings binne foar dizze groep faak gjin opsje. De bern kinne bygelyks net al te lang stil sitte, meitsje samar lawaai of begjinne yn harren hannen te klappen as se de film moai fine.

It inisjatyf foar dizze foarstellings komt fan in âlder dy't ûntdúts dat der problemen wiene as er mei syn soan nei de bioskoop woe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)