Njoggen priiswinners Rely Jorritsma

23 aug 2016 - 14:07

De sjuery fan de Rely Jorritsma rikt dit jier njoggen prizen út: fiif foar fersen en fjouwer foar ferhalen. De winners krije respektyflik 200 en 800 euro. De útrikking is op sneon 1 oktober. Dan wurde ek de Junior Rely prizen ferdield. De sjuery dêrfan keas dit jier trije fersen en ien ferhaal as winners.

By de Rely Jorritsma wienen yn totaal tsien ferhalen en tweintich fersen ynstjoerd. De skriuwwedstriid is ûnderdiel fan de neilittenskip fan skriuwer Rely Jorritsma fan Jellum .

Neilittenskip

Yn syn testamint hat er fêstlizze litten dat der in fûns oprjochte wurde moast om syn neilittenskip te behearen. De fruchten dêrfan moasten dan brûkt wurde as prizejild foar priisfragen dêr't koarte ferhalen en fersen yn it Frysk foar ynstjoerd wurde moasten. By de Junior Rely skriuwwedstriid binne twa ferhalen en seis ferzen binnenkaam.

De winners op in rychje

De winnende fersen fan de Rely Jorritsma: · Etude yn 'e rein, fan Paul van Dijk fan Warkum; · Ofskie, fan Johannes Dijkman fan Noardburgum; · De bosk, fan Pieteke de Boer fan Wommels; · It rinfermogen fan in net útiten kwestje, fan Edwin de Groot fan Aldehaske; · Tún, fan Henk Nijp fan Mantgum.

De winnende ferhalen fan de Rely Jorritsma: · De ûnwittende, fan Koos Tiemersma fan Drachten; · Nacht, fan Baukje Zijlstra fan Arnhem; · Wat resistint is, fan Janneke Spoelstra fan Alde Leie; · It geheim fan in goed houlik, fan Sipke de Schiffart fan Ljouwert

De Junior Rely priiswinners yn de kategory poëzij: · In gedicht oer in tún, fan Tjitske van der Meer, Mantgum. Earste priis. · Grutte mem, fan Bo de Haan, Kollumersweach. Twadde priis. · Maitiid, fan Laura Mulder, Sigerswâld. Tredde priis.

Yn de kategory proaza: · De wat nuvere tsjoendersfluit, fan Beitske Nieboer, Snits. Earste priis.

Trefwurden: 
Rely Jorritsma priis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)