Oppakte Snitser moat noch straf útsitte

De 22-jierrige Snitser dy't yn België oppakt is fanwege de Facebookrellen yn Haren moat net yn te swier finzenisrezjym komme. Dat seit syn advokaat Niek Heidanus út Grins. Hy stie de man by yn 2013 doe't dy feroardiele waard foar ûnder oare brânstichting en iepenlike geweldpleging.
Flak foar de útspraak flechte de Snitser nei syn heit yn België. No moat hy noch 283 dagen de sel, in straf dy't hy neffens Heidanus troch syn flecht al field hat. Wannear't de Snitser útlevere wurdt oan Nederlân is noch net bekend.