Ljouwerter mei sân messen op strjitte oanhâlden

De messen dy't de man by him hie © Politie Leeuwarden
In Ljouwerter (52) swaaide tiisdeitemoarn mei messen op strjitte. De plysje krige in melding fan ynwenners fan de Fruitstrjitte yn de stêd. Hy wie ek foar in auto en in skooter sprongen. Doe't de plysje arrivearre, seagen se de man rinnen.
De Ljouwerter is mei geweld oanhâlden. Nei syn arrestaasje die bliken dat er sân messen by him hie. Ien fan de messen falt ûnder de ferbeane wapens. Der is in ûndersyk ynsteld. De plysje siket noch nei de auto- en skooterbestjoerders, dy't de man foar de tsjillen hân hawwe.