Aldere mantelsoargers wolle help hawwe

Aldere mantelsoargers yn Fryslân soenen graach help krije. Sawol op praktysk mêd, bygelyks yn it húshâlden en de administraasje, as ek mei it oanjaan fan grinzen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau. Neffens de sifers is ien op de acht Friezen fan 65 jier en âlder mantelsoarger. Fjirtich prosint fan harren soarget foar in groanysk sike partner. Se fiele oer it algemien in grutte ferantwurdlikheid.
Mar dat jout ek frustraasjes. En stress. En dêrom hawwe de mantelsoargers behoefte oan stipe, seit it Planbureau.