Hieltyd mear gesinnen mei bern sitte yn de bystân

23 aug 2016 - 08:15

Hieltyd mear gesinnen mei bern sitte yn de bystân. Yn Ljouwert giet it om alve prosint fan de bern. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). Ljouwert wurdt folge troch Smellingerlân (8%). Op de Waadeilannen wenje nei ferhâlding de minste bern yn bystânsgesinnen.

Lanlik is Rotterdam koprinner mei achttjin prosint. De taname is neffens it CBS benammen ta te skriuwen oan it tal Syryske gesinnen dat nei Nederlân kaam is.

Nei de CBS sifers: http://www.cbs.nl/nl-nl/nieuws/2016/34/aantal-kinderen-in-bijstandsgezinnen-groeit

Trefwurden: 
bystân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)