Rob Maas: We zijn oppermachtig geweest, maar helaas

22 aug 2016 - 22:59

Cambuurtrainer Rob Maas is nettsjinsteande it gelykspul tsjin De Graafschap tige te sprekken oer it fuotbal fan syn ploech. Cambuur spile mei 1-1 gelyk, mar wie dúdlik de bettere ploech. "We zijn oppermachtig geweest. Sowieso de eerste helft, waarin we niks weggeven", sa seit Maas. It iennige dat ûnbrekt binne mear doelpunten, lykas yn de wedstriden tsjin Dordrecht en Jong PSV.

Entûsjaste supporters

Net allinnich Maas wie tefreden oer it spul fan syn spilers. Ek de Cambuursupporters wiene entûsjast, sa merkt Maas op: "De mensen hebben spektakel gezien. Ze gaan erachter staan. We hebben aanvallend voetbal gespeeld, de tegenstander constant op hun eigen helft gehouden. En daar ben ik heel tevreden mee."

Utblinker

Utblinker oan de kant fan Cambuur wie oanfaller Raymond Gyasi. Hy spile in sterke wedstriid, mar baalde derfan dat dit net beleane waard mei de winst. Cambuur krige in soad kânsen dy't mar net omset waarden yn doelpunten. "We doen onszelf tekort. Deze kansen moeten erin", seit Gyasi. Dochs is er tefreden oer it spul fan syn team en fan himsels. Hy wol dizze goede foarm meinimme nei de folgjende wedstriid. 

Kommende freed spilet SC Cambuur in útwedstriid tsjin Helmond Sport.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur Rob Maas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)