Snitser fertochte Project X-rellen pakt yn Antwerpen

22 aug 2016 - 19:50

In 22-jierrige man út Snits dy't belutsen wie by de Project X-rellen yn Haren yn 2012 is snein troch de plysje yn Antwerpen oppakt. De man moast yn Nederlân noch in selstraf útsitte, mar flechte nei België ta yn de ferûnderstelling dat er syn straf ûntrinne koe.

Brânstichting en iepenlike geweldpleging

De Snitser wie feroardiele ta 283 dagen sel foar brânstichting en iepenlike geweldpleging tsjin de plysje. Dat barde yn septimber 2012 doe't in 16-jierrich famke út Haren har freonen fia Facebook útnûge foar har jierdei. Om't se it feestje op iepenbier set hie, seinen minsken út hiel Nederlân dat se nei it feestje ta soenen. It feestje waard ôfsein, dochs kamen tûzenen jongeren nei it Grinslanner doarp ta om te rellen.

Krimineel

De Snitser waard op in ynternasjonale list mei sochte kriminelen set. Wierskynlik sil België de man ynkoarten útleverje oan Nederlân.

Trefwurden: 
Project X Haren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)