Gemeenten skrasse húshâldtoets

07 maaie 2012 - 16:12

Ferskate Fryske gemeenten hawwe besletten de húshâldtoets foar bystânsgesinnen foarearst net út te fieren. It giet ûnder oare om Ljouwert, Súdwest-Fryslân, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. De húshâldtoets yn de wet Werk en Bijstand jildt sûnt 1 jannewaris foar alle nije gefallen en soe fan 1 july ôf jilde foar gesinnen dy't al bystân krije.

De toets is lykwols weromdraaid yn it akkoart dat sletten waard tusken VVD, CDA, GrienLinks, ChristenUnie en D66.

Wethâlder Houkje Rypstra fan Tytsjerksteradiel is bliid dat de maatregel net trochgiet. Rypstra hat har út namme fan de Feriening fan Fryske gemeenten yn de mateary ferdjippe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)