Skipper Amicitia is frij, mar bliuwt fertochte

22 aug 2016 - 12:05

De skipper fan it sjarterskip Amicitia, dêr't snein in deadlik ûngelok op barde, is wer frij. Sneintemiddei bruts de mêst fan de sylboat ôf. Trije minsken kamen dêrby om it libben. It giet om trije manlju fan fan 19, 43 en 48 jier út de Dútske gemeente Amberg. Sy sieten mei harren famylje op it skip.

De 51-jierrige skipper út Stiens waard nei it ûngelok meinaam nei it plysjeburo en is dêr heard. Hy is no wer frijlitten, mar bliuwt wol fertochte. Wêrfan't er fertocht wurdt, is noch net dúdlik, sa seit de plysje.

Neffens de plysje moat dat noch bliken dwaan út it technysk ûndersyk. It duorret nei alle gedachten noch wol in pear wiken foar't der dúdlikens oer is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)