Wachtlist opsteld foar dielnimmers iepening Sintrale As

22 aug 2016 - 11:35

Ien fan de offisjele iepeningseveneminten fan de Sintrale As krijt hieltyd mear foarm. Tusken Feanwâlden en Sumar wurdt op sneon 1 oktober in rige kreamkes fan njoggen kilometer lang delsetten op de nije dyk. By de organisaasje fan 'Foarút oer de as mei de Handel' binne al mear as 500 oanmeldingen binnenkaam.

Dielname is fergees en dus wolle bedriuwen en ûndernimmers mar wat graach meidwaan oan it evenemint. Der binne wachtlisten opsteld dêr't ûndernimmers dy't har no noch oanmelde op komme.

Ek fan bûten de provinsje is der in soad belangstelling, bedriuwen út Fryslân gean lykwols foar. De spesjale reklamekaravaan dy't optúgd wurdt, is al útferkocht. It doel fan 'Foarút oer de as mei de Handel' is om sjen te litten hoe sterk de regio dêr't de Sintrale As leit sosjaal-ekonomysk is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)