Strange lûdseasken foar Psy-Fi festival yn Ljouwert

Op it Psy-Fi festival moat de gemeente Ljouwert fan de rjochter lûdsmjittingen hâlde ûnder oare tichteby de ferskate poadia. Dat is ien fan de útkomsten fan it koart pleit dat de Stichting Groene Ster Duurzaam oanspand hat.
De rjochtbank hat yn syn útspraak oanfoljende easken steld oan it lûd. Sa moat it lûd by de poadia oerdeis net boppe de 103 desibel útkomme en nachts net boppe de 75. Boppedat mei it festival op freedtemoarn pas om acht oere begjinne yn stee fan sân oere.
Ek op it mêd fan parkearjen grypt de rjochter yn. Sa meie besikers net parkearje oan ien kant fan de Woelwyk, om't der oars net genôch romte oerbliuwt foar de helptsjinsten. As lêste moat de gemeente Ljouwert der op tasjen dat de Technyske Hygiënesoarch alle dagen in ynspeksje hâldt op it terrein.
Psy-Fi is in festival dêr't psychedelyske muzyk en keunst sintraal stiet. It evenemint set kommende woansdei útein en duorret oant en mei snein.