Amazône Rixt van der Horst docht mei yn team op Paralympics

22 aug 2016 - 10:33

De 24-jierrige amazône Rixt van der Horst út Grou mei dochs as teamlid nei de Paralympics 2016. Sy hie har al pleatst as yndividuele ruter foar Rio. Troch lichaamlike problemen fan it hynder fan Estée Gerritsen is der besluten dat sy net ôfreizgje sil nei Rio en sa skoot Rixt in plakje op yn it team. Sy kin no dus ek meistride foar teammedaljes. De Paralympics begjinne 7 septimber, Rixt van der Horst sil 13 septimber foar it earst ride.

Snein 4 septimber stjoert Omrop Fryslân in dokumintêre út oer Rixt van der Horst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)