Bakstien smiten fan brêge op boat: plysje siket tsjûgen

Slauerhoffbrêge © Twitter, @politie_lwdn
De plysje fan Ljouwert is op syk nei in persoan dy't in bakstien smiten hat fan de Slauerhoffbrêge ôf op in boat. It soe gean om in ûngefear 50-jierrige blanke man. De boat farde sneintemiddei op de Harnzer Feart ûnder de brêge troch, doe't in bakstien troch in rút fan de kajút kaam. Op dat stuit sieten twa fan de trije opfarrenden, in Belgysk pear, yn de kajút. Harren soan wie ûnder yn de boat. Net ien rekke ferwûne.
De Belgyske man (43) hat oanjefte dien fan fernieling en poging ta swiere mishanneling. Neffens him stie der allinnich in man op de Slauerhoffbrêge op it momint fan it ynsidint. De plysje siket tsjûgen. Op de Slauerhoffbrêge hinget in kamera, mar de bylden binne net opslein. Ek de brêgewachter hat neat sjoen.