Boeren krije soad guozzejild

07 maaie 2012 - 14:55

Fan de hast 14 miljoen euro oan guozzeskea yn Nederlân is hast 6 miljoen euro betelle oan Fryske boeren. Dat docht bliken út sifers fan it Ryk dat no noch foar dizze rekken opdraait. Meikoarten moatte de provinsjes dizze rekken betelje en hoe't dat krekt moat, is noch net dúdlik. De provinsje Fryslân krijt dêrfoar te min jild en wol dêrom de kosten fan 'e guozzeskea better yn de stringen hâlde.

De rekken kin dan wolris oprinne oant in bedrach fan 8 oant 10 miljoen euro as je de kosten der by optelle fan de guozzegedoochgebieten.

Dêrfoar is de provinsje no al ferantwurdlik. Der is lanlik noch nea safolle jild útjoen foar dit soarte skea. Dat komt ûnder oare omdat de priis fan it gers dat opfretten is heger leit as oare jierren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)