Kontrôles op it wetter: 34 kear proses-ferbaal opmakke

21 aug 2016 - 22:04

Rykswettersteat hat de ôfrûne dagen ferskate kontrôles hâlden op it Prinses Margrietkanaal en de Fryske marren. Yn totaal waarden 145 boaten kontrolearre. Fan har kamen 55 skippers der mei in warskôging fan ôf. Rykswettersteat hat by 34 minsken proses-ferbaal opmakke. De meiwurkers kontrolearren oft rekreaasjeskippers harren oan de regels hâlden en oft se alle papieren by harren hienen. Ek mochten se net te hurd farre en moast de geskikte útrissing oan board wêze.

Rykswettersteat kontrolearre de ôfrûne freed en sneon. De lêste aksjedei is yn ferbân mei it tragyske ûngelok yn Harns ferfallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)