WK langebaan yn Eenrum útsteld fanwege minne waar

21 aug 2016 - 18:59

It WK langbaan dat sneintemiddei yn Eenrum op it programma stie, is útsteld nei moandeitemoarn. Ta teloarstelling fan de ferskate gersbaanracers en de taskôgers koe der fanwege it minne waar net riden wurde. De baan wie fierstente wiet. Mei help fan trekkers waard noch besocht it wetter fan de baan te heljen, mar dat is net slagge. 

Toppers as Jannick de Jong, Theo Pijper en Dirk Fabriek hienen harren opmakke foar in spektakulêre gersbaanrace, mar moatte no dus oant moandei wachtsje op de wedstriid. It WK langebaan set dan om 11.00 oere útein, as de omstannichheden dat talitte.

Trefwurden: 
Eenrum WK langbaan gersbaan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)