Piet Paulusma: ''Dizze wike waarmte- of hjitteweach''

© Omrop Fryslân
De simmerfâkansje is foar guon minsken al hast wer ôfrûn, mar neffens Piet Paulusma is dat mei it simmerwaar noch net it gefal. De waarman ferwachtet dat de temperatueren dizze wike flink oprinne ta in mooglike hjitteweach. Fan tiisdei ôf wurdt it waarm, mei 25 of 26 graden. Woansdei en tongersdei kin it neffens Piet tropysk waarm wurde mei temperatueren fan 27 oant 30 graden. Freed komt der ek in soad sinne, mar bliuwt it krekt ûnder de 30 graden.
As it sneon ek waarm bliuwt, is it mooglik dat it in offisjele hjitteweach wurdt. Dêrfoar moat it trije dagen op rige 30 graden of waarmer wurde. Slagget dat net, dan kinne we yn elk gefal de twadde waarmteweach fan dizze simmer byskriuwe.