Berging fleantúchwrak rint fertraging op

De berging fan in fleantúchwrak op de Iselmar by De Lemmer rint fertraging op. Der binne sneon in tal pompen útfallen. Dêrtroch is de bak, dy't mei damwanden om it fleantúch makke is, wer fol rûn mei wetter. Dy moat earst wer leech pompt wurde. Dêrom sille sa gau mooglik nije pompen nei it plak brocht wurde.
Moandei soe de berging begjinne, mar dat wurdt no net earder as tiisdei of woansdei, seit majoar Arie Kappert dy't de lieding hat oer de operaasje.
Kappert fynt de fertraging hiel ferfelend, want elkenien wie der al klear foar, sa lit er witte. It fleantúch is delstoart yn de Twadde Wrâldoarloch. De bommen lizze nei alle gedachten noch op it plak en dat kin gefaarlik wêze. Dêrom wurde nijsgjirrige belangstellenden op ôfstân holden, ûnder oare troch de seekadetten fan De Lemmer.