Ridende auto rekket yn de brân by Bitgummole

21 aug 2016 - 13:20

Op de N398 by Bitgummole is sneintemiddei in auto útbaarnd. Under it riden rekke de auto yn de brân. De bestjoerder koe de wein noch yn de berm parkearje.

De brânwacht hie it fjoer gau út, mar koe net tefoaren komme dat dy útbaarnde. Oer in stik dyk fan hûnderten meters lei oalje dy't de ridende auto ferlern hie. De dyk is ôfset en Rykswettersteat soarget foar it skjinmeitsjen fan de dyk.

Trefwurden: 
plysje brân Bitgummole
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)