BdV: Thea Koster en Martin Cnossen

21 aug 2016 - 10:45

Yn Buro de Vries dizze simmer petearen mei in duo dy't beide yn de skynwerpers stean, mar wol in hiele oare rjochting keazen ha. Roelof Lousma prate mei wethâlder fan Ljouwert Thea Koster en har man Martin Cnossen direkteur fan Merk Fryslân.

''Se is myn 'rots yn de branding'. Thea is helder, stabyl en wit wat se wol''. Sa sketst Martin Cnossen syn frou Thea Koster. Sy fynt him lekker ympulsyf en spontaan. Dat is handich, want op resepsjes kletst hy mei elkenien. Dit Fryske glamour-stel liket alles mei te hawwen.

Se sjogge der goed út, ha goeie banen en sitte strak yn de klean. Dochs ha ek sy genôch meimakke. Thea ferlear op 26-jierrige leeftiid har mem. Ek ferlear se twa berntsjes tidens de swangerskip. Fia in tweet makke se har miskraam bekend. Wêrom sa iepen? "Als wethouder ben je publiek bezit. Iedereen wist dat ik zwanger was, dus het leek ons goed om dan ook te melden dat het misging". Martin follet oan: 'Minsken prate hjir net sa gau oer, wy ha hjirnei der mei in soad minsken oer prate kinen. Wy makken it foar folle mear stellen besprekber."

Dilemma's

Foar Martin leit in drege taak om Fryslân as toeristysk merk te promoatsjen. It koste syn foargongers hast allegear de kop. Dochs sjocht hy kânsen. Ien fan de dilemma's dy't foarby komme, is dan ek: of harren sa favorite eilân Flylân ta toeristyske topattraksje meitsje, of in eigen húske yn de dunen sûnder toeristen. Thea moat kieze foar of in eigen yoga-skoalle sûnder stress en in soad gelok of in ministerspost.

Harkje snein tusken 11.00 en 12.00 nei dit bysûndere iepen petear tusken in echtpear yn de spotlights.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)