Unrêst by Appelskea om sabeare jihadstriders

Keale Dunen (Aekingerzand) by Appelskea © Omrop Fryslân
Yn Appelskea hat sneon ûnrêst west om akteurs dy't ferklaaid wiene as jihadstriders. De akteurs wiene bewapene mei sabeare masinegewearen en rûnen troch de Keale Dunen. Guon kuierders skrokken der bot fan. De plysje waard belle mei de melding dat der in fertochte sitewaasje wie.
De plysjeminsken troffen fjouwer akteurs oan dy't fertelden dat se dwaande wiene mei it opnimmen fan in film. Neffens de plysje hiene se dêr in fergunning foar fan Steatsboskbehear. Neffens Steatsboskbehear is dat net it gefal.