Fakânsjegongers folgje Omropnijs út bûtenlân wei

De Omrop Fryslân Android App foar tablet © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
It nijs fan Omrop Fryslân wurdt ek op fakânsje goed lêzen. Fan de brûkers fan de app mei in Android-telefoan binne de lêste moanne Frankryk mei 7.390 besiken, Dútslân mei 7.085 besiken en Eastenryk mei 3.186 besiken populêre bestimmingen. Besiken betsjut dat ien de app besjocht, dus alle kearen as ien dat docht, telt dat as in besite.
De top 3 mei brûkers fan in iPhone oer deselde perioade is as folget: Frankryk (4.643 besiken), Dútslân (3.473 besiken) en Italië (3.210 besiken).
Sels bûten Europa wurdt de app besjoen, ek Amearika, mei 1.454 besiken, stiet yn de top 10 by iPhone-brûkers.
Ek de webside fan Omrop Fryslân wurdt goed besjoen út it bûtenlân wei. Dêr falt op dat in soad Friezen om utens it nijs folgje yn lannen as Amearika en Kanada.