Oane Galama wint ljepperij yn Grypstsjerk

Oane Galama hat sneon it fierljeppen yn Grypstsjerk wûn mei in sprong fan 20.67 meter. Twad waard Nard Brandsma mei 20.57. Brandsma waard winner fan it fierljepklassemint. Syn bêste sân sprongen fan dit seizoen, oer 20 wedstriden, komt op in totaal fan 143.25 meter.
By de froulju wie Marrit van der Wal de bêste mei 14.87 meter. By de famkes kaam Sigrid Bokma it fierst, 14.69. Freark Kramer wie de bêste by de junioaren mei 18.03 en Wietse Nauta mei 16.11 de bêste by de jonges. Alle fjouwer deiwinners binne ek winner fan it klassemint.
Nije wike, op sneon 27 augustus, is it NK fierljeppen. Dat is ek yn Grypstsjerk.