Irene Schouten wint NK skeelerjen yn Bartlehiem

Skeeleneur Irene Schouten hat sneon de Bartlehiem skeelertocht op har namme skreaun. Yn Hallum kaam de rydster út Andijk as earste oer de einstreek. Yn 2013 wûn se ek al. Al betiid yn de wedstriid ûntstie in kopgroep fan fjouwer froulju. Schouten wist mei in knappe einsprint de winst te pakken. It twadde plak wie foar Janita Willems-Crediet folge troch Lisa van der Geest, dy't tredde waard.
Troch de rein wie it earste diel fan de tocht flink glêd. "Even op de tanden bijten", sei Schouten nei ôfrin fan de wedstriid.