ONS Boso Snits ferliest fan Quick Boys

20 aug 2016 - 17:04

ONS Boso Snits ferlear sneon mei 2-1 fan Quick Boys. Yn Katwijk sette Martijn Roosenburg de Snitser iepeningstreffer al nei 24 minuten spyljen op it skoareboerd. De ploech fan trainer Richard Karrenbelt wist de lytse foarsprong lang fêst te hâlden, mar yn de 72ste minút makke de thúsploech út Katwyk de lykmakker. Mei noch fiif minuten op de klok koe Quick Boys op 'e nij skoare en pakten se de swierbefochten oerwinning.

Trefwurden: 
fuotbal ONS Boso Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)