Harkemase Boys pakt twadde winst

20 aug 2016 - 16:50

Harkemase Boys pakte sneon de twadde winst fan it seizoen troch mei 3-1 te winnen fan Jong Almere City FC. Op eigen fjild sette Ezra Schrijver de Boys nei 23 minuten spyljen op foarsprong. Tsien minuten letter tekene Schrijver ek foar de 2-0. Matthijs Hardijk makke der rap dêrnei 3-0 fan.

De ploech fan trainer Henk Herder wist de komfortabele foarsprong nei it skoft lange tiid fêst te hâlden. Yn de 81e minút sette Jorni Camps fan Jong Almere de einstân op it boerd.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)