CDA: 6 kandidaat-listlûkers

07 maaie 2012 - 12:06

Fries-om-utens Van Haersma Buma is ien fan de seis kandidaten dy't oerbleaun binne om listlûker fan it CDA te wurden. Njonken Van Haersma Buma binne ek minister Spies, steatssiktaris Bleker en Twadde Keamerlid Van Toorenburg kandidaat. Foarsitter Wintels fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Fontys Hegeskoalle yn Tilburch en wethâlder Keijzer fan Purnerend binne de kandidaten fan bûten Den Haach.

Seis oare kandidaten binne nei it petear mei de kandidaatstellingskommisje ôfwiisd. Der komme fjouwer debatten mei de seis kandidaat-listlûkers.

De leden kinne oanslutend op ynternet of oer de tillefoan stimme, wêrnei't op 18 maaie de útslach komt. As net ien fan de kandidaten in mearderheid fan de stimmen hat, dan geane de twa kandidaten mei de measte stimmen troch nei de twadde ronde. Dan kinne der wer twa debatten komme, wêrnei't úteinlik op 1 juny de nije listlûker bekend wêze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)