Seekadetten De Lemmer dwaande mei tariedings foar berging

De seekadetten fan it korps op De Lemmer binne sneon drok dwaande mei de tariedings om harren opliedingsskip De Roermond klear te meitsjen foar de missy nei de Iselmar. De seekadetten hâlde fan moandei ôf tafersjoch by de berging fan in fleantúchwrak út de Twadde Wrâldoarloch dat op de boaiem fan de mar leit.
Yn it wrak binne mooglik noch bommen en stoflike omskotten fan de bemanning. Om goed by it wrak komme te kinnen, wurdt in diel fan de Iselmar drûchlein. De Roermond leit de kommende wiken neist de bouput.