Histoarikus Houter: Ramp 1666 moat yn skiednisboeken komme

20 aug 2016 - 12:44

De ramp op Flylân en Skylge yn 1666 mei nea wer ferjitten wurde en moat dêrom in plakje krije yn de Canon fan Nederlân. Dat seit Jan Houter, ien fan de histoarisy dy't it ferhaal boppe wetter krige. Yn 1666 foel in Ingelske float de beide eilannen oan en ferneatige de Nederlânske hannelsfloat. Mear as twatûzen minsken ferdronken.

Neffens Houter koe it mei barre om't admiraal Michiel de Ruyter net goed de kop derby hie. Fanwegen de skamte oer it drama wie der oant no ta neat fan werom te finen yn de Nederlânske skiednisboeken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)