Rjochter jout gemeente It Bilt gelyk oer sluting drugspân

20 aug 2016 - 12:19

Der is neat mis mei it beslút fan de gemeente It Bilt om in bedriuwspân mei wenhûs yn Sint-Jabik in healjier te sluten. Dat hat de rjochtbank bepaald. De eigener fan it kompleks hie beswier tsjin de sluting oantekene, omdat er de maatregels te swier fûn.

De gemeente hat it kompleks foar in healjier sluten omdat der softdrugs en apparatuer foar it ferwurkjen dêrfan fûn binne. Ek soe der hannele wurde yn softdrugs, wat foar oerlêst foar de buorlju soarge. Neffens de rjochter stiet de maatregel yn ferhâlding ta it fergryp.

Trefwurden: 
It Bilt drugspân Sint-Jabik
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)