Brân op frachtskip Noord Nederland op wei nei Skylge

20 aug 2016 - 11:22

De brânwacht fan Skylge is sneontemoarn yn aksje kaam fanwegen reekûntwikkeling op it frachtskip Noord Nederland fan rederij Doeksen. It skip wie op wei nei it eilân doe't der reek út de masinekeamer kaam. De KNRM hat dêrop in tal brânwachtminsken nei it skip fearn. Dy hienen de reekûntwikkeling gau ûnder kontrôle.

It skip is op eigen krêft nei de haven fan Skylge fearn. Der wurdt it fierder kontrolearre. Op it stuit fan de brân wienen der twa minsken oan board.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)