In tredde fan boatsjefarders op 'e bon by earste kontrôledei

By de earste kontrôledei fan Rykswettersteat op it Fryske wetter ha 19 boatsjefarders freed in proses-ferbaal krigen. It giet ûnder oare om boaten dy't te hurd fearen, 26 oaren krigen in warskôging. Mei-inoar waarden sechstich boatsjefarders kontrolearre op bygelyks oft se de fereaske papieren by har hienen en oft se har oan de regels hâlden.
Rykswettersteat wol mei de kontrôle de feiligens op it Fryske wetter ferbetterje. De kontrôle wurdt hâlden op it Prinses Margrietkanaal en de Fryske marren. Ek sneon en snein wurdt der noch kontrolearre.