Dokk'em Open Air hakket knoop troch: gjin edysje yn 2017

20 aug 2016 - 09:45

Yn 2017 komt definityf gjin nije edysje fan it metalfestival Dokk'em Open Air. Nei alve edysjes yn fjirtjin jier tiid fynt de organisaasje it tiid foar in jier rêst. De tiid dy't it regeljen fan it twa dagen duorjende festival freget, is foar de lytse groep frijwilligers hieltyd dreger te kombinearjen mei it priveelibben.

De helberens fan in edysje yn 2018 wurdt noch ûndersocht. Neffens de organisaasje wurde de finansjele risiko's hieltyd grutter en moat it festival in eigen plak krije. Der is al seis kear wiksele fan lokaasje.

De organisaasje is mei de gemeente Dongeradiel yn oerlis oer in fêst plak foar it evenemint en praat mei ûndernimmers oer in sûne eksploitaasje. Neffens de organisaasje is it beslút mei pine yn it hert naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)