Brânwacht hellet frou en húsdieren út brânende wenning
De brânwacht fan Ljouwert hat freedtenacht de bewenster fan in hûs oan de Grinzerstrjitwei en har húsdieren út har brânende wenning rêden. Yn de keuken fan it hûs wie brân ûntstien, wylst de frou lei te sliepen. De frou is troch meiwurkers fan de ambulânse ûndersocht, mar kaam mei de skrik frij.
Ut de wenning waarden, neist de bewenster, ek meardere hûnen en katten helle. Dy binne meinaam troch meiwurkers fan de biste-ambulânse. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.