Dronken spûkrider oanhâlden op de A32 by It Hearrenfean

20 aug 2016 - 08:11

De plysje fan It Hearrenfean hat freedtenacht it rydbewiis fan in 67-jierrige man út Hengelo ynnaam. De plysje kaam de man op it spoar nei meldingen dat er oan it spûkriden wie op de A32 by It Hearrenfean. Dêrby kaam er hast yn frontale botsing mei in frachtauto.

De man koe steande hâlden wurde. Hy ferklearre ferdwaald te wêzen. Op it plysjeburo die bliken dat er tefolle dronken hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)