Maas: 'Fijne overwinning, met een goed gevoel naar maandag'

19 aug 2016 - 22:47

De Ljouwerters moasten der in skoft op wachtsje, mar dochs hat de ploech fan trainer Rob Maas no wer ris in oerwinning behelle. Yn de útwedstriid tsjin Dordrecht wie SC Cambuur mei 1-0 te sterk. Maas wie nei ôfrin fan de wedstriid bliid mei it einresultaat. ''We wachtten al lang op een overwinning. Nu wordt het 0-1, dan maakt het niet uit hoe het gebeurt, de punten zijn binnen. Vooral voor de jongens is het fijn, zij kunnen met een goed gevoel op naar de wedstrijd van maandag.''

Ien doelpunt

Sander van de Streek makke foar de Ljouwerters it iennige doelpunt fan de wedstriid. ''Ik ben blij met de drie punten. Als je zelf scoort is dat altijd een lekker gevoel. Op een gegeven moment had ik al een paar keer op het goal geschoten, maar de keeper pakte ze allemaal. Uiteindelijk kwam hij voor mijn linker en schoot ik de bal er gelukkig in.''

Ferline wike net, no wol

Foar keeper Leonard Nienhuis wie it yn de lêste minuten noch knap spannend. Gelokkich bleau it 0-1 en pakte syn ploech de einoerwinning. ''Dit geeft wel even een lekker gevoel. Als je de nodige kansen krijgt en die gaan er maar niet in, dan denk je van wanneer valt hij nu. Vorige week gebeurde het niet, vandaag viel hij er gelukkig wel in.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)