Binnenfeartskip skampt syljacht by brêge Akkrum

De brêge by Aldskou © Omrop Fryslân, Onno Falkena
In binnenfeartskip by de brêge by Aldskou by Akkrum hat freedtejûn foar in gefaarlike situaasje soarge. It skip fear troch de lytse trochgong fan de brêge oer it Prinses Margrietkanaal en skampte dêrby in syljacht mei fiif opfarrenden. It is ferbean foar grutte binnenfeartskippen om troch de lytse trochgong te farren. De opfarrenden fan de sylboat binne mei de skrik frijkaam. Se wienen wol sa skrokken dat se it alarmnûmer 112 belle ha.
Tsjin de skipper fan it binnenfeartskip is proses-ferbaal opmakke. Rykswettersteat wie gau te plak yn ferbân mei in grutte kontrôle op it wetter.