Selsridende bussen by Appelskea binne noch net goedkard

It selsridende buske
De nije selsridende bussen yn Appelskea binne noch net goedkard troch de Rijksdienst voor het Wegverkeer. Dat meldt RTV Drenthe freed. De bussen binne ek noch net ôfkard, sa seit Nine van de Kamp fan de gemeente Eaststellingwerf. Twa fan de nije selsridende bussen kamen tongersdei oan yn Appelskea. De RDW begûn fuortendaliks mei de keuring, mar dêrby kamen in pear lytse saken oan it ljocht.
Oanpassings
Neffens de gemeente moat it ynterieur op inkelde plakken oanpast wurde, om't it te skerp wêze soe en ta ferwûningen by reizgers liede kin. Ek moat der wat feroare wurde oan de remmen, de lampen en de tsjillen fan de bussen. Foar de feiligens moat de bus ek fan bûten ôf iepene wurde kinne, yn gefal fan need.
Opnij keure
De RDW komt takom wike freed opnij nei Appelskea om de selsridende bussen opnij te keuren. De gemeente is fan doel de bussen oer de iepenbiere dyk ride te litten tusken it besikerssintrum fan Steatsboskbehear en de Wester Es yn it doarp.