Hurdegaryp krijt seis altyd tagonklike AED's

20 aug 2016 - 12:05

Yn Hurdegaryp wurde seis AED's pleatst, dy't 24 oeren deis tagonklik binne. Freedtemiddei waard de twadde fan de seis pleatst by de nije húsdokterpraktyk oan 'e Van Weerden Poelmanstrjitte. De AED's binne sa ferspraat dat se foar elke wenning op sa'n fiifhûndert meter berikber binne. Op dizze wize kinne kostbere sekonden wûn wurde, foardat in ambulânse te plak komme kin.

Neffens Albert Oost fan de wurkgroep Hartslag Nu Hurdegaryp binne der op it stuit 36 boargerhelpferliners om de AED's te betsjinjen. Fia in SMS fan de meldkeamer kinne dizze helpferlieners sa gau mooglik te plak komme. Oost hopet dat der noch mear helpferlieners harren oanmelde wolle. It stribjen fan de wurkgroep yn Hurdegaryp is om sa'n tachtich helpferlieners by inoar te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)