Hearrenfean mei deselde basisalve tsjin NEC

19 aug 2016 - 18:06

Trainer Jurgen Streppel hâldt tsjin NEC fêst oan deselde basis as ferline wike tsjin FC Utrecht. Dat betsjut dat Sam Larsson opnij op de bank begjint. De Sweedske fleugeloanfaller trainde dizze wike folslein mei de groep mei en is sa goed as hersteld fan de gryp. Dochs jout Streppel de foarkar oan Luciano Slagveer. NEC hat lykas SC Hearrenfean twa punten út twa spile wedstriden en wachtet dus noch op de earste oerwining.

De nije Japanske oanwinst Yuki Kobayashi is noch net spylgerjochtigd. Streppel hopet dat hy takom wike tsjin PEC Zwolle wol in berop dwaan kin op de Japansk ynternasjonal.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)